Flechtsjend fan it slachfjild yn 1315 wit Niall Eagleton by de Shannon River yn Ierlân oan de dea te ûntkommen. Hast sânhûndert jier letter wurdt kandidaat-gouverneur John Hamilton op in kiezersfeest yn Montana delsjitten. Swier ferwûne oerlibbet er de kûgel út de loop fan in Winchester 70. Mar de moeting mei de dieder, in froulike Eagleton, sil syn libben folslein op ‘e kop sette.It Eagleton Segel is de yndrukwekkende saga fan de famylje Eagleton. Fiere neikommelingen fan High King Brian Bóroimhe dy’t yn Amearika, Ierlân en Fryslân wenje, komme werom ta de oarsprong. In brutsen segel fan kostber metaal wiist de Eagletons it paad en is beskiedend foar har lot. It Eagleton Segel is in ferpletterjende fertelling yn de Ierske ferteltradysje. Yn in daverjend tempo sleept de skriuwer de lêzer mei oer slachfjilden en oseanen, troch maffiabolwurken en nei de desolate stiltes fan in ferstoarn lân. De hertstocht en de leafde bloeie, en altyd baarnt it fjoer fan de Ierske ûnfersetlikheid. In wichtich tema yn dit boek is de magyske ferbûnens fan de Eagletons mei de kening fan de loften, de earn. |
It Eagleton Segel
Aantal pagina’s: 479
Friese Pers/Noordboek | juni 2010
ISBN: 9789033009181